Nickelodeon Kids' Choice Award

Nickelodeon Kids' Choice Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar muzyk, tillefyzje, film,
literatuer en sport
útrikt troch Nickelodeon
frekwinsje 1x jiers
datum maart/april
plak Los Angeles (Kalifornje)
1e útrikking 1988
offisjele webside
www.nick.com/kids-choice-awards

De Nickelodeon Kids' Choice Awards (soms ôfkoarte ta KCA's) binne in groep Amerikaanske berneprizen dy't sûnt 1988 elts jier troch de bernestjoerder Nickelodeon útrikt wurde foar de bêste prestaasjes op it mêd fan muzyk, tillefyzje, film, literatuer en sport. De útrikkingsseremoanje fynt om ein maart of begjin april hinne plak yn Los Angeles of in foarstêd dêrfan. De winners wurde útornearre troch de sjoggers fan it bernetillefyzjekanaal Nickelodeon. Will Smith hat it rekôr fan 'e measte wûne Nickelodeon Kids' Choice Awards, nammentlik tsien, al hat de tekenfilmrige Spongebob Squarepants der likefolle. Oare grutte winners binne Selena Gomez (8), Miley Cyrus (6), Amanda Bynes (6), Britney Spears (5) en Hilary Duff (4).

Sûnt 2010 kinne bern út Kanada ek har stim útbringe foar de Nickelodeon Kids' Choice Awards. Argentynje, Austraalje, Brazylje, Grut-Brittanje, Yndoneezje, Kolombia en Meksiko hawwe allegear har eigen nasjonale Nickelodeon Kids' Choice Awards. Yn 2014 waarden foar it earst ek de aparte Nickelodeon Kids' Choice Sports Awards útrikt, foar de bêste prestaasjes op it mêd fan sport.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search